Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SPITKEET_SERRE_WENNINGWET_2_190502_WR2

Fan spitkeet oant serre (diel 2)

19 Maaie 2002

Twalûk oer de wenningbou troch de jierren hinne. We sjogge in soad argyfbyld. Nei de oarloch begjint de Wederopbouw, der is grut ferlet fan wenningen. Duplekswenningen en spitlevelwenningen wurde ûntwurpen en nije wiken as Bilgaard mei allerhanne wenfoarmen yn ien wyk, fan leech- oant heechbou mei foarsjenningen en in hoop grien. De earste bewenners fan Heechterp wenje noch altyd yn de Ljouwerter wyk. Yn Hallum waard de 50.000ste wenningwetwenning oplevere yn 1966, de bewenners wenje der no noch.

LTV_WRAKSELJE_MEI_IN_IDEAAL_2

Friesch Dagblad: Wrakselje mei in ideaal

28 Novimber 1993

We sjogge by de kristlike krante it Friesch Dagblad dy't te krijen hat mei in weromrinnend abonneebestân (22.000), kin de krante selsstannich bliuwe? We sjogge op de redaksje, by de opmaak, printer, distribúsje en krantebesoarger. We geane op paad mei sjoernalist Ruurd Walinga. Meiwurkers komme oan it wurd oer de sinjatuer fan de krante, de identiteit. Mar ek mooglike feroaringen komme oan bod, moat it FD in moarnskrante wurde of gearwurking sykje mei de Leeuwarder Courant bygelyks?

Fan fan: Dennis de Nooijer

Fan fan: Dennis de Nooijer

15 Febrewaris 1999

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Dennis de Nooijer it himd fan it liif frege troch Stefan Brouwer en Schelte de Wolf (10 jier). Dizze fuotballer by SC Hearrenfean is hiel populêr by de fans. Se moetsje him by de fysio, want hy is blessearre.