Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 30: Leauwe

LINKK 30: Leauwe

11 Juny 2004

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer it leauwen. Kristenen leauwe dat God de ierde yn seis dagen makke hat. Ek prate we oer moslims, sjogge we by de Volkssterrenwacht yn Burgum en by de jeugdtsjerke.

Wurktiid TV: Distribúsjesintrum Nieuwe Weme

Wurktiid TV: Distribúsjesintrum Nieuwe Weme

04 Juny 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it distribúsjesintrum fan supermerkkonsern Nieuwe Weme op It Hearrenfean. Se leverje oan 38 winkels út in hiel grut magazyn wei. Bêste kollega is Piet Pietersen, nei 44 jier by de Keninklike Loftmacht giet er mei pensjoen. Der is in oprop foar wurk en der is ek wurk foar in timmerman yn Wergea.

Fan fan: Pelgrim Flyers

Fan fan: Pelgrim Flyers

19 Oktober 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurde de iishockeyers Pelgrim Flyers it himd fan it liif frege troch Jacob Schurer (39 jier). Hy moetet de spilers thús en fansels op it iis.