Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Portret-Roger-Raveel_WR

Portret fan Roger Raveel: 'Nu weet je niets meer, nu ken je niets meer, je gaat kijken'

04 Novimber 2007

Portret fan Roger Raveel, Belgyske keunstner, en syn eksposysje yn Museum Belvédère yn Oranjewâld. Thom Mercuur siket Raveel op yn Oostende (België) om wurken foar de tentoanstelling út te sykjen. Raveel (1921) fertelt oer syn libben en wurk. In freon en biograaf sketse syn wurk en betsjutting.

Linkk Ekstra: technyk 1

Linkk Ekstra: technyk 1

09 Maaie 2003

Yn dizze earste ôflevering fan de searje oer technyk lit Jildou de Vries ferskate soarten ferbiningen, útfiningen en tapassingen sjen. Se sjocht ûnder oare by Batavus op It Hearrenfean, lânboumasinefabryk Miedema yn Winsum en by de satelliten yn Boerum. Learlingen fan it Liudger yn Drachten meitsje in opdracht foar technyk.

Sjoch mar: Acrogymnastyk

Sjoch mar: Acrogymnastyk

11 Maaie 1998

It is de kombinaasje fan gymnastyk en akrobatyk: acrogymnastyk. Arjen de Boer siket in tal akrobaten op om te sjen hoe't sy harren tariede op it WK.