Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

OEROL_1999_REPO

Reportaazjes Oerol 1999

10 Juny 1999

Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1999 op Skylge. 10/6: Oerol-besikers soene foar 10 oant 15 persint fan de omset fan de toeriste-yndustry op Skylge soargje. 12/6: Lyryske reaksjes op it iepeningsstik Peer Gynt troch Tryater. 17/6: Schuurtjestheater mei Kris Niklison. 30/6: Krityk op lokaasjeteater fanwege de skea oan de natuer.

Tet fan it stoart 2: Stroom

Tet fan it stoart 2: Stroom

24 Novimber 1998

Tet fan it stoart is in programma fan skoaltelefyzje. Presintatrise Maaike Schuurmans ûndersiket hoe't stroom wurket en sjocht by in wynturbine, houtseachmûne yn Drylts en by de wettersuvering.

LTV: Aaisykje + neisoarch

LTV: Aaisykje + neisoarch

13 April 1997

Yn de dokumintêre ‘Aaisykjen en neisoarch’ gean jo it fjild yn mei in aaisikersklub, dêrneist fertelt boer Theun Talsma hoe't er buorket mei greidefûgels op Skiermûntseag en dr. Henny van der Windt sjocht nei de situaasje fan neisoarch bûten Fryslân.