Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

WEROMBLIK--Heamiel-3-FNO230620MS

Hjoed: Heamiel 1998

25 Juny 1998

Goed 500 ynwenners fan Boalsert diene yn 1998 mei oan it tradisjonele Heamiel. Heakeninginne Marije Mulder siet oan it haad fan de tafel.

Under Fjoer 0205 Bløf

Under Fjoer 0205 Bløf

03 Desimber 2003

De manlju van Bløf litte har troch Under Fjoer ûntfange yn de Oosterpoort, foarôfgeand oan in optreden yn Grins. It petear giet oer lot en tafal. De dea fan drummer Chris Götte spilet dêr in grutte rol yn. De ôflevering oer Bløf bestiet neist it ynterview út opnamen fan it optreden yn de Oosterpoort.

 40 jier Fûgelwacht

40 jier Fûgelwacht

08 Maart 1988

Leny Dijkstra fertelt yn dizze útstjoering fan skoaltelevyzje oer de fûgelwacht en wat sy dogge. De fûgelwacht hat ferskate wurksumheden en wurkje ek tegearre mei boeren. Nêstkastkes ophingje, ljipaaien beskermje en de bosken yn, it heart der allegearre by. Mar foaral it dwaande wêzen mei natuer heart echt by in fûgelleafhawwer.