Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed_300302_waldhuske

Hjoed: Wâldhúske 30 maart 2002

30 Maart 2002

Yn 2002 waard yn it iepenloftmuseum fan Arnhim in Frysk wâldhúske iepene. It arbeidershúske wie dêrfoar wer hielendal fan de grûn ôf opboud. In grutte groep ynwenners fan Dantumadiel wie by de offisjele iepening.

LTV_Titus-Brandsma-1881-1942_WR

Titus Brandsma 1881-1942

30 Desimber 2008

Dokumintêre oer Titus Brandsma (1881-1942). Hy wie pater by de karmeliten, heechlearaar, publisist en fersetsstrider. Hy waard ombrocht yn in konsintraasjekamp. Gryt van Duinen prate û.o. mei Ton Crijnen dy't in boek oer Titus Brandsma skreau. Yn 2022 waard Brandsma hillich ferklearre.

180702_SADWAANDE_10_06_1998.mp4

Sadwaande: metaalsektor, Kadaster, wurk (diel 8) en rjochtbank (diel 3)

10 Juny 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear yn de rige oer de rjochtbank in rûnlieding en útlis fan de ferskate saken. Yn de searje oer wurk it belang fan in netwurk. We sjogge wat it wurk yn de metaalsektor ynhâldt en der is in reportaazje oer grinzen tusken huzen, wa bepaalt dy grins en wat docht it Kadaster en wat de notaris?