Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Boksgala

Sjoch mar: Boksgala

15 Desimber 1997

Der is in nasjonaal boksgala yn Drachten wêr't 22 boksers út Nederlân it tsjin mekoar opnimme. Friezen Gauwe Visser út Drachten en Isa Adamou út Ljouwert dogge ek mei.

ABD-sjoo 0109

ABD-sjoo 0109

04 Juny 2002

Yn de njoggende en lêste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Menno van Coehoornskoalle út Ljouwert en de Van Kleffensskoalle fan It Hearrenfean it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we allegear gebouwen: útkyktoer Belvédère by Oranjewâld, Hooglandgemaal by Starum, stedhûs yn Boalsert, Poptaslot yn Marsum en Crystalic yn Ljouwert. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Monuminten yn Fryslan 2 Gebouwen fan it gesach

Monuminten yn Fryslan 2 Gebouwen fan it gesach

24 Novimber 1988

Yn diel twa fan it trijelûk oer monuminten fan Fryslân dûke we yn de skiednis en de monuminten fan it gesach fan Sleat. Menno van Coehoorn, it Stedshûs en de herfoarme tsjerke fan Sleat komme hjiryn foarby.