Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LOKALEPOLITYK_WR2

Lokale polityk ûnder fjoer

03 Maart 2002

De opkomst by de gemeenteriedsferkiezingen is leech en it is dreech om minsken te finen foar de lokale polityk. Professor Douwe Jan Elzinga (RUG) hat in plan betocht om de polityk tichterby de minsken te krijen. We folgje ek twa politisy. Rudy Heins is noch net sa lang riedslid yn Kollumerlân, hy is konserzje yn it deistich libben. Mei soan Jorn giet er by de doarren del om kampanje te fieren foar de PvdA. Wethâlder Hero Werkman hâldt nei 17 jier op yn Weststellingwerf. Nei in konflikt begûn er syn eigen lokale partij. Beide politisy fertelle oer har driuwfearren.

LTV_ERNST_LANGHOUT

Poptrûbadoer Ernst Langhout

19 Febrewaris 1995

Portret fan muzikant en poptrûbadoer Ernst Langhout (1956). Hy fertelt oer syn leafde foar muzyk, fan folk oant rock. We sjogge him optreden yn de Ljouwerter Prinsetún, mar hy spile ek foar tûzenen minsken yn Ruslân. Mei argyfbylden fan syn band The Visitor en opnamen fan syn nije band Big Tree.

Van Tuinen Thús by Jaap Wolters

Van Tuinen Thús by Jaap Wolters

22 Augustus 2001

Thús by Jaap Wolters yn Hatsum. Hy hie plannen om pryster te wurden, mar is no eigener fan fiskrestaurant Op Hatsum.