Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Under Fjoer 0304 Nynke Laverman

Under Fjoer 0304 Nynke Laverman

06 Oktober 2004

Nynke Laverman fertelt oer hoe't sy der yn liket te slagjen om yn in koart skoftke tiid Fryslân te feroverjen mei har aktearwurk en fral mei har Fado-muzyk. De jongerein besykje har ambysjenivo bleat te lizzen en wolle witte hoe heech sy har doelen steld hat.

Wyn op Woansdei: Kattekiller

Wyn op Woansdei: Kattekiller

01 Oktober 2003

Programmamakker Annet Huisman ûndersiket de dea fan ferskate katten yn Koatstertille en Bûtenpost. Dêr binne katten besketten, fergiftige en mishannele. Karin Solle fan Koatstertille en Hettie Combs fan Bûtenpost fertelle wat se meimakke ha mei har katten. De kat fan Karin is mei in luchtbuks besketten. Yn Bûtenpost binne sân katten dea en fiif fermist. Beide froulju dogge ûndersyk. Ek oare dupearren út Koatstertille komme oan it wurd. Ek Harry Tees fan de plysje komt oan it wurd.

Om Utens: Folkert Schukken

Om Utens: Folkert Schukken

02 April 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Folkert Schukken út Tsjerkwert. Hy wurke jierrenlang yn de top fan de stienkoal- en hannelsferiening.