Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0205: Rockfeest

Baas Boppe Baas 0205: Rockfeest

11 Novimber 2016

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Bennie sil in rockfeest organisearje op in stik lân ticht by it doarp. Talieta is lestich fallen troch in pear hardrock-fans en sjocht sa’n rockfeest hielendal net sitten en besiket fan alles om it feest te kearen.

ITPETEAR_TONYFEITSMA_WEROMROP

It Petear: Tony Feitsma

04 Oktober 1994

Klaas Jansma yn petear mei professor, taalgelearde en bewegingsfrou Tony Feitsma.

LTV_MAR_IK_SIL_STRIDE_231197_WR

Mar ik sil stride!: Ried fan de Fryske Beweging

23 Novimber 1997

De Ried fan de Fryske Beweging feroaret wat yn oanpak: fan earder stride tsjin allerhanne saken wurdt no mear sjoen nei hoe't minsken yn Fryslân yn de praktyk better gebrûk meitsje kinne fan de wetlike mooglikheden dy't der binne foar it Frysk en dat se it Frysk brûke. We sjogge de ôfgeande foarsitter Liuwe Westra flyerjen yn in doarp, we sjogge by de betinking fan de Slach by Warns, by Frysk Beweger fan de earste oere Durk van der Schaaf (riedslid FNP), by de gearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip en by de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins.