Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180717_SADWAANDE_ARGEOLOGY_29_09_2000.mp4

Sadwaande: Archeology

29 Septimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer archeology. Provinsjaal archeolooch Gilles de Langen fertelt oer fynsten yn eardere terpen, lykas de ferneamde fibula fan Winaam. We sjogge by ôfgravingen, ûnder oare by de Aldehou dêr't in parkearkelder komme moat. We sjogge by it wurk fan archeologysk advysburo Raap dat grûnmeunsters nimt. En we sjogge by detektor-amateurs, se fine benammen in soad munten. Prinses op learzens giet op ûndersyk út yn de dunen.

Sybe Satellyt 0805

Sybe Satellyt 0805

20 Jannewaris 1998

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by it plak yn Feanwâlden dêr't earder molkfabryk Freia stie. Earder wie der in reportaazje oer mei argyfbylden fan it fabryk. Ek wie doe te sjen dat it fabryk wer opboud is yn it iepenloftmuseum yn Arnhem. Fierder sjocht Sybe by de karnavalsferiening Fyfkesryk.