Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld: Durk van der Ploeg

Skriuwers yn byld: Durk van der Ploeg

03 Juny 1990

Ynterview fan Geart de Vries mei skriuwer Durk van der Ploeg (1930). Hy wie opmaakredakteur en skreau tal fan Fryske romans, dichtbondels en novellen. Syn ynspiraasje hellet er út syn jeugd yn de Dongeradelen, hy groeide op yn Ealsum. Benammen nei syn pensjoen waard er hiel produktyf. Ek sjogge we by in gearkomste fan it Skriuwersboun.

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 2

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 2

27 Septimber 2002

Yn dizze twadde ôflevering fan de searje oer fakânsje yn Fryslân praat Jildou de Vries mei Gerke Boersma fan de Recron en mei Wobbe van der Vegt fan de provinsje oer toerisme. Benammen de Waadeilannen lûke in soad toeristen.

Sjoch mar: Fuotbal yn Bûtenpost

Sjoch mar: Fuotbal yn Bûtenpost

25 Maaie 1998

Bûtenpost stiet der om bekend dat se grutte fuotbalklups nei it doarp helje om tsjin de pleatselike fuotbalferiening te spyljen. Dit kear wie Feyenoord te gelokkige en Arjen wie der by.