Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSLAN_LYTS_OPERASJONGER_HENK_SMIT_WEROMROP

Fryslân is te lyts 1: de operasjonger

24 Novimber 1991

In portret fan Henk Smit, de meast frege en suksesfolste operasjonger fan Nederlân, hy sjongt yn tal fan produksjes yn binnen-en bûtenlân. Hy is berne yn Surhústerfean yn in muzikaal fermidden. Yn 1951, hy wie 19 jier, emigrearre de famylje nei Kanada en dêr begûn er mei sjongen. No wennet er yn Amsterdam. We folgje him by de repetysjes foar Aïda, by de kap en grime en sjogge in stik fan de útfiering.

Spegels: Keunstbende en jongereinfestival

Spegels: Keunstbende en jongereinfestival

01 Maaie 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze útstjoering stiet yn teken fan jongerein mei de keunstbende fan 1998 yn Drachten en it Springtime festival fan en foar jongerein.

LTV_POLDERHAZZEN_1309098_WR

Polderhazzen

13 Septimber 1998

By it Ingwierrumer Nijlân, in stik lân dat yn 1470 ynpoldere is, hat hûndert jier in polderhúske stien, isolearre fan de wrâld. De bewenners, 13 húshâldingen mei elkoar, hienen as taak om it op bûtendyks fee te passen. Mei de lêste bewenners dy't yn 1958 fuortgienen, geane we werom nei it plak dêr't it hûske stien hat. Se helje oantinkens op. Ek binne argyfbylden te sjen fan de oanlis fan de dyk dy't soarge dat de Lauwerssee in mar waard. Yn de Bantpolder stiet ek in isolearre wente, de bewenners dêrfan moatte tinke om it binnendyksfee.