Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_AKKE_EN_ESMEE_V2

Opera oer Esmée van Eeghen en portret fan Akke Radsma

21 Maaie 1995

Yn dit programma sjogge we earst by de repetysjes fan de opera Esmée dy't yn premjêre giet yn Carré op it Holland Festival. Jan Brokken skreau de tekst oer it libben fan de fersetsfrou dy't yn 1944 fusillearre waard. Ferskillende meiwurkers komme oan it wurd. Dêrnei folget in portret fan Akke Radsma dy't bekend waard mei har praatsjes 'Oer de hage' dy't wykliks op de Fryske radio te hearren wienen. De teksten waarden skreaun troch Paulus Akkerman. Se treedt noch altyd op mei in oade oan it eardere Winterjûnenocht.

LTV_SASEACH_5_ANTON_STOELWINDER

Sa seach ik Fryslân 5: Anton Stoelwinder

20 Juny 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fiif Anton Stoelwinder. Hy is beropsfilmer en makke benammen in soad promoasjefilms oer Fryslân, dy't yn it bûtenlân fertoand waarden. As jonkje op de legere skoalle makke er al syn earste spylfilm. De kombinaasje fan kreatyf wêzen en de technyske kant fan it filmjen sprekt him oan. Syn debút op lanlike telefyzje wie in filmke oer Boalsert foar it programma Zeskamp. Der binne ek bylden te sjen út films oer skûtsjesilen, blomkwekerijen en sûnenstsjinst foar dieren.

No Wy: meidenwerk

No Wy: meidenwerk

07 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering komme de njoggen fammen fan Meidenwerk oan it wurd. Se komme alle wiken by elkoar yn it jongereinsintrum It Syl op De Lemmer. Mei begelieder Rita Louwsma dogge se allerhanne saken, se prate oer de leafde, moade, jonges en uterlik. Foar de film makken se in talkshow oer in famke dat fereale is op de gymlearaar en showe se de nijste moade.