Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0505

Sybe Satellyt 0505

17 Jannewaris 1995

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Yn dizze ôflevering sjogge we hoe't noaren makke wurde by in fabryk yn Weesp. Sybe praat mei reedrydfabrikant Henk Vos en reedrider Rintje Ritsma. Sake Roodbergen stiet op it brechje yn Bartlehiem en praat oer fûgels yn wintertiid.

Under Fjoer 0204 Jack Kooistra

Under Fjoer 0204 Jack Kooistra

26 Novimber 2003

Friesch Dagblad-sjoernalist en nazi-jager Jack Kooistra is de tredde gast. Hy wurdt ûnderfrege oer syn driuwfearren om goed in heale iuw nei de Twadde Wrâldoarloch noch sa fanatyk te sykjen nei oarlochsmisdiedigers. Kooistra komt der plan-út foar út dat wraak syn belangrykste motyf is. Troch de ynterviews slagget Kooistra deryn om de skepsis by de jongeren om te setten yn bewûndering foar syn hanneljen.

Tritigers 0110: Idealen

Tritigers 0110: Idealen

21 Jannewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it tsiende diel komt Rick Bruning oan it wurd, hy hat muzykkafee De Gloppe yn Ljouwert. Earder wie er aksjefierder, drok yn de kreakerswrâld en gek fan punkmuzyk. Syn idealen fan doe komme no werom yn syn kroech.