Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Baas Boppe Baas 0210: It lintsje

Baas Boppe Baas 0210: It lintsje

11 Novimber 2002

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Ferskate klups út it doarp fan Beant hawwe in oanfraach yntsjinne foar in lintsje. Beant seit dat hy gjin lintsje ha wol, mar stikem liket it him wol wat. Sil hy it lintsje krije? 

Fytsalvestêdetocht 1999

Fytsalvestêdetocht 1999

24 Maaie 1999

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 1999.

LTV_WR_De-Frysk-ierdewurk-1

'De Gleibakkers', oer Frysk ierdewurk (diel 1)

12 Juny 2005

Dokumintêre oer allerhanne fasetten fan Frysk ierdewurk, lykas de skiednis, produksje en fersprieding fan dit Fryske kultuerguod. Oan it wurd komme û.o. Pieter Tichelaar, earder direkteur fan it fabryk yn Makkum, Minze van den Akker, eigener fan de grutste kolleksje Frysk ierdewurk en tegelkenner Jan Pluis. Ek yn Harns wienen in soad gleibakkers. Yn 1972 rjochte Henk Oswald it Harnzer tegelfabryk op. Hy fertelt wat by it wurk sjen komt. Yn it Harnzer museum Het Hannemahuis lit konservator Hugo ter Avest diggels út 1614 sjen dy't yn de stêd fûn binne.