Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

IENOPIEN_020205_SIPPY_MAX_WR

Ien op ien: Sippy Tigchelaar / Max Schweigmann

02 Febrewaris 2005

Sjoernalist Sippy Tigchelaar praat mei Max Schweigmann, seesiler en aventoersman. Seis jier hat er yn in Spaanske finzenis sitten yn in drugssaak, hy is ûnskuldich. Hy fertelt syn kant fan it ferhaal.

180702_SADWAANDE_OER_ACUPUNCTUER_BY_BISTEN_11_03_1998.mp4

Sadwaande: sosjale wurkfoarsjenning, bistedokter, frijwilliger (diel 4)

11 Maart 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by de bistedokterspraktyk yn Boalsert dêr't ek bysûndere genêskunde is as fysioterapy en akupunktuer. Yn de rige oer frijwilligers komt Hedwig de Werd oan it wurd, se wurket by de maneezje yn Snits mei ferstanlik beheinden. Fierder in petear oer hoe sosjaal de sosjale wurkpleats is, we sjogge by De Woudengroep yn Drachten dêr't meubels makke wurde.

Wurktiid TV: Distribúsjesintrum Nieuwe Weme

Wurktiid TV: Distribúsjesintrum Nieuwe Weme

04 Juny 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it distribúsjesintrum fan supermerkkonsern Nieuwe Weme op It Hearrenfean. Se leverje oan 38 winkels út in hiel grut magazyn wei. Bêste kollega is Piet Pietersen, nei 44 jier by de Keninklike Loftmacht giet er mei pensjoen. Der is in oprop foar wurk en der is ek wurk foar in timmerman yn Wergea.