Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LESTELUDEN_2_WR

De lêste lûden fan in taal: de Ingermanlanners (diel 2)

25 Novimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit twadde diel giet it oer de Ingermanlanners, ynwenners fan in streek yn Ruslân dêr't minsken Finsk praten foardat dat yn 1937 ferbean waard en de ynwenners nei Sibearië ferballe waarden. We sjogge op in feest om de langste dei te fieren dêr't de âldere minsken oer eartiids fertelle. En professor Victor Denissov, fan de universiteit yn Sint Petersburg yn Ruslân, fertelt oer de skiednis fan dit folk wêrfan't de taal mei útstjerren bedrige wurdt.

Geert! S02E01: De Tynje

Geert! S02E01: De Tynje

16 Maart 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan De Tynje. Hy praat mei Jan Overwijk, de 'boargemaster' fan it doarp, mei Elisabeth Tangel, se skilderet ikoanen. Fierder in petear mei twa nasjonaal kampioenen combinerace Reinder van der Meer en Nynke Vries en Cor de Jong dy't al jierren it karnaval organisearret. En Geert bringt in besite oan it Opelmuseum dêr't er praat mei sammeler Meindert van Wijk. De live-muzyk komt fan de Fryske band Opskuor.

180706_SADWAANDE_UT_NAMME_FAN_ORANJE_28_04_1999.mp4

Sadwaande: Oranje

28 April 1999

Dizze Sadwaande giet oer Oranje, de keninklike famylje. We sjogge op de souder fan frou Van der Heide yn Heech, dat fol stiet mei Oranjeguod. Yn Makkum is in echte Keninginneferiening dy't alle jierren in Oranjefeest organisearret. Oranjekenner Bearn Bilker fertelt oer de bân fan de Nassaus mei Fryslân en we sjogge op It Amelân dat fan de Oranjes wie. Binne dêr noch spoaren fan te finen? En we sjogge by Oranjewâld.