Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 17: Feiligens

LINKK 17: Feiligens

20 Septimber 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer feiligens. Hoe feilich is it om nei skoalle te fytsen en hoe feilich of ûnfeilich is it op skoalle? We prate mei âld-minister fan ûnderwiis, Loek Hermans.

Fryslan yn de Tritiger jierren diel 3: Allardseach en Koartehimmen

Fryslan yn de Tritiger jierren 3: Allardseach en Koartehimmen

11 Novimber 1989

It programma ‘Fryslân yn de tritiger jierren’ jout mear ynsicht yn krisistiid fan de jierren tritich. Dizze ôflevering giet oer twa projekten foar wurkleazen: Allardseach en Koartehimmen. De jonge wurkleazen koene troch dizze projekten harsels ûntwikkelje.

LTV_BLAUGERS_OF_INGELSK_RAAI

Blaugers of Ingelsk Raai

17 Oktober 1993

Yn dit programma komme twa tsjinstelde belangen oan de oarder: de boer tsjin de biolooch, oftewol de lânbou tsjin de natuer. Oanlieding is it plan de blauwe sône by de Alde Feanen, om fan lânbougrûn natuer te meitsjen. We hearre boer Klaas de Groot en Ultsje Hosper fan It Fryske Gea. Dy feriening hat besocht de bou fan 300 bungalows op rekreaasjepark It Wiid by Earnewâld tsjin te hâlden.