Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_BOER_KEARPUNT_GREIDBOER_1_WEROMROP

Boer op in kearpunt: de greidboer

06 Oktober 1991

Yn twa dielen sjogge we by boeren dy't op in kearpunt steane. Yn dizze ôflevering stiet de greidboer sintraal. It tal greidboeren rint werom, troch allerhanne regels lykas superheffing en hegere kosten. We sjogge op de pleats fan de famylje Van der Meulen yn Eastermar. Hy melkt kij en wurket hieltyd mear mei de kompjûter, dy hâldt de opbringst by en berekkenet hoefolle krêftfoer oft byfuorre wurde moat. Ek de miljeu-amtner sjocht oft oan regels foldien wurdt.

180705_SADWAANDE_OER_DE_STIM_02_12_1998.mp4

Sadwaande: Stim

02 Desimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer de stim. We sjogge by it ynsprekken fan de bernesearje Bear Boeloe, prate mei in logopediste dy't Simone Scheffer ek wat tips jout en Ingrid is by in kursus stimekspresje.

Rondo Musica 5: Snaren

Rondo Musica 5: Snaren

20 Febrewaris 2001

Yn Rondo Mmusica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn it fyfde programma giet it oer snaarynstruminten. Gitarist Rik Meyer leit it ferskil tusken in akoestyske en elektryske gitaar út. We sjogge by in gitaarles fan Roel Slofstra, gitaarbouwer Wim Heins, harpiste Karin Wark en luitspiler Lex van Sante.