Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

160804_LC_HJOED_WR2

Hjoed: LC tydlik moarnskrante yn 2004

16 Augustus 2004

Yn 2004 wie de Leeuwarder Courant noch in middeiskrante. Mar yn augustus dat jier ferskynde de LC fjirtjin dagen lang as moarnskrante om it nijs fan de Olympyske Spelen sa gau mooglik oan de lêzers melde te kinnen. It earste moarnseksimplaar waard oanbean oan follyballer Olof van der Meulen.

JOHANVANDERZEE_FR_WR2

De lêste reportaazje fan Johan van der Zee

24 Maart 2002

Johan van der Zee wie de redakteur foar Fryslân by it telefyzjeprogramma Van gewest tot gewest. By syn ôfskied sjocht er werom en op de resepsje komme kollega's oan it wurd.
Van der Zee wurke by de RONO en kaam yn 1968 yn tsjinst yn Hilversum. We sjogge fragminten fan ferskillende reportaazjes dy't er makke, lykas syn earste op De Harkema, en we sjogge by de lêste reportaazje dy't er makket oer de gefolgen fan sâltwinning en de skea fan boaiemdelgong. Hy fertelt ûnder oare oer it foaroardiel dat bûten de Rânestêd elk op klompen rint en oer it brûken fan it Frysk.