Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Portret-Wout-Zijlstra-20-08-2009_WR

Portret fan Wout Zijlstra: 'Sin en wille kinne in protte tille'

18 Novimber 2007

Portret Wout Zijlstra, ien fan de sterke manlju fan Fryslân. We folgje him nei Callander, foar de Highland Games yn Skotlân. Hy fertelt (yn kilt) hoe't er by de sport kaam en wêrom't de Highland Games foar him sa bysûnder binne. En we binne by him thús yn Folsgeare dêr't er yn de skuorre traine kin en trainingen jout. Hy lit al syn prizen sjen.

LTV_DoutzenKroes-Frysk-topmodel-yn-Milaan_WR

Doutzen Kroes. Frysk topmodel yn Milaan

21 Maaie 2006

We folgje Doutzen Kroes (21) fan Eastermar by har wurk yn Milaan. Nei de havo soe se nei de pabo, mar dat rûn oars. Nei't se wat fakânsjefoto's opstjoerde nei in modelleburo yn de hoop op in bybaantsje, is se no in ferneamd model en sakefrou. "Ik bin myn eigen bedriuw." We sjogge achter de skermen by moadeshows, castings en fittings. Se fertelt oer har libben as topmodel, oer de moaie glamourkant, mar ek oer de mindere kanten sa as de iensumheid, de lange dagen en it reizgjen. Ek binne we by har thús yn Eastermar, se wol goeie dingen mei har jild dwaan.

180712_SADWAANDE_OER_HUMOR_12_01_2000.mp4

Sadwaande: Humor

12 Jannewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer humor. Wêr moatte minsken om laitsje? En wurket in grap mei in ferburgen kamera ek? We besykje it mei jild en in beurs oan in toutsje. Bern binne gek op moppen, se fertelle der in hiel soad. En we prate mei de Ljouwerter kabaretier Jan Jaap van der Wal dy't yn Ljouwert optrede sil. En Teake van der Meer stiet garant foar in jûn fol laitsjen. Prinses op learzen makket ek grappen.