Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Sweaffleanen

Sjoch mar: Sweaffleanen

18 Maaie 1998

Op in pear hûndert meter heech fleane se troch de loft en boartsje se mei de swiertekrêft: sweeffleantúchjes. Arjen de Boer fleant sels in stikje oer Fryslân.

Geert! S01E04: Ealahuzen

Geert! S01E04: Ealahuzen

08 April 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Ealahuzen. Hy praat mei Pyt Winia oer de skiednis fan it doarp. Ekke Atsma, bekend fan Baas Boppe Baas, komt del mei syn hynder Geert en der is in petear mei Klaas-Hendrik Kuiper dy't traint foar sterke man. Wout Zijlstra jout him wat tips. De live-muzyk komt fan de band Koartsluting.

180717_SADWAANDE_OER_KLUSSEN_10_05_2000.mp4

Sadwaande: Klusse

10 Maaie 2000

Dizze Sadwaande giet oer klusse, putsjes yn en om 'e hûs by in ferbouwing dus. We prate mei in oannimmer/timmerman en in skilder dy't tips jouwe. En we sjogge by in stel yn Noardburgum, de frou seit wat se ha wol, de man makket it en we sjogge noch by in oar ferboud hûs, dêr't neat fan op itselde plak stean bleaun is. Prinses op learzens is yn de boumerk.