Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LIMOSA_FR_WR

Limosa, de skries

20 Maaie 2001

Greidefûgel de skries (Limosa yn it Latyn) wurdt al jierren bedrige. It tal briedpearen nimt hurd ôf troch minder blomrike greiden en de komst fan nijbou, drainaazje en maisbou. Yn Fryslân wienen trije polders belangryk foar de skries: Haulerpolder, Skrok en Himpensermarpolder. In rêdingsplan moat de fûgel behâlde. Ferskate organisaasjes wurkje dêryn gear, lykas boeren (oars meane) en fûgelwachters beskermje de nêsten. En de predaasje is ek in bedriging.

Van Tuinen Thús by Herman Erbé en Josje Hemink

Van Tuinen Thús by Herman Erbé en Josje Hemink

15 July 2003

Thús by Herman Erbé en Josje Hemink yn Arum. Erbé wie de sjonger fan Circus Custers.

LTV_4_KOMPONISTEN_191195_WR

Fjouwer komponisten

19 Novimber 1995

Yn dit programma sjogge we by it wurk fan fjouwer komponisten dy't in stik skreaun hawwe foar it ynternasjonale muzykfestival yn Ljouwert. Jan de Haan, Daan Manneke, Otto Ketting en Wim van Ligtenberg fertelle oer har wurk en we sjogge by de repetysjes fan de orkesten en koaren dy't de komposysje útfiere sille.