Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LESTELUDEN_3_WR

De lêste lûden fan in taal: memmetaal (diel 3)

02 Desimber 2001

Rige fan fiif programma's oer bedrige talen yn East-Europa. Yn dit tredde diel sjogge we by de Joadske mienskip yn Sint Petersburg yn Ruslân. Ek it Jiddysk is in minderheidstaal. We sjogge û.o. yn de synagoge en yn in museum oer de Twadde Wrâldoarloch. Yn it Poeskjinhûs binne opnamen út begjin 1900 fan minsken dy'ty Jiddysk prate.

Spegels: Tryater, tún yn Riis, Incakultuer

Spegels: Tryater, tún yn Riis, Incakultuer

16 Oktober 1998

Yn it kultuerprogramma sjogge we by it toanielstik 'De dea fan in hannelsreizger' dat Tryater spilet. We prate mei de spilers Joop Wittermans, Marijke Geertsma, Hilbert Dijkstra en Thijs Feenstra. Ek regisseur Andy Daal komt oan it wurd en de jonge aktrises Lysbeth Welling en Astrid Reitsma. Douwe Heeringa sjocht yn de tún fan Riis fan Bart van der Wal, hy is túnûntwerper en hat plannen foar in teätertún yn de Rysterbosk. Fierder in reportaazje oer de tentoanstelling yn Keramiekmuseum Princessehof oer de Inca-kultuer.

LTV_MINSKELIBBEN_9_DIRK_LONT_211199_WR2

In Minskelibben: Dirk Lont

21 Novimber 1999

Geart de Vries praat mei oannimmer Dirk Lont. As jonge fan 14 kaam er nei de legere skoalle by syn heit yn it bedriuw op It Bilt. Hy woe wol leare mar dêr wie gjin jild foar. Heit hie in ûnderhâldsbedriuw en wurke foaral foar de agraryske sektor. It bedriuw is ûnderwilens útgroeid ta in boubedriuw mei sa'n 100 wurknimmers en yn hiel Fryslân ha se tal fan huzen boud. Lont fertelt oer syn wurk en libben.