Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Anita Dijkstra oefenet foar Sipelsop en Sûkelade

Anita Dijkstra oefenet foar Sipelsop en Sûkelade

08 Maart 1988

Anita Dijkstra út Jelsum is lid fan it Fryske bernekoar. Se moat oefenje foar de foarstelling Sipelsop en Sûkelade en Freark Smink wie by de repetysje fan it koar.

Spegels: Noardlik Filmfestival en Steven de Jong

Spegels: Noardlik Filmfestival en Steven de Jong

13 Novimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering in reportaazje oer it Noardlik Filmfestival en Spegels stiket Steven de Jong op by Onderweg naar morgen.

PETEAR_IDSWILLEMSMA

It Petear: Ids Willemsma

23 Jannewaris 1996

Bouke Oldenhof praat mei de Hallumer keunstner Ids Willemsma, ûnder mear bekend fan syn timpeltsje op de seedyk by Marrum.