Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SPORTERS_TRIJELUK

Trijelûk: weromsjen op Alvestêdetocht, fierljeppe en skûtsjesile

06 Febrewaris 1994

Yn dit trijelûk komme trije Fryske sporten oan de oarder: reedride, fierljeppe en skûtsjesile. We sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1933, by de nije tentoanstelling yn it reedrydmuseum yn Hylpen is in reüny fan riders. It wie in frij maklike tocht mei goed waar, en twa winners: Abe de Vries en Sipke Castelein. Se sjogge werom op dy tocht. Weromsjen dogge ek twa âld-fierljeppers dy't yn de 60-er jierren kampioen waarden: George Valkema en Roel Bokke Span. We sjogge bylden fan it ljeppen yn Winsum en de yntroduksje fan de aluminium pols troch Evert Wilstra.

LTV_PITER_BOERSMA_250201_WR

Skriuwerslibben Piter Boersma

25 Febrewaris 2001

Piter Boersma is berne yn 1947 yn Warten yn in roomske húshâlding. Hy fertelt oer syn libben en wurk, tematyk en feroaringen yn syn skriuwen. We sjogge mei him yn Warten en yn syn hûs yn Wiuwert lêst er foar út eigen wurk. Yn 1972 rjochte er literêr tydskrift Hjir op dêr't er noch altyd redakteur fan is. Yn 1998 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn boek 'It libben sels'.

Linkk Ekstra: Oerfloed 3

Linkk Ekstra: Oerfloed 3

29 April 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer oerfloed. Yn diel 3 stiet wer in oar aspekt fan duorsumens sintraal. We sjogge by de foarstelling Oerfloed fan BUOG, makkers Pieter Stellingwerf en Kees Botman lizze út dat se learlingen bewust meitsje wolle fan duorsumens. Keunstner Anneke Soldaat makket objekten fan ôffal en lit learlingen taskes meitsje. Jildou de Vries leit it belang fan ôffalskieding en recycling út. By Lankhorst yn Snits meitsje se pealtsjes fan lânbouplestik. En by de Fairtradewinkel wurde inkeld 'earlike' produkten ferkocht.