LINKK 24: De dea

26 Septimber 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer de dea. As ien stjert moat der in hiel soad regele wurde, we sjogge by in krematoarium en prate mei in begraffenisûndernimmer, stienhouwer, kistemakker en blomskikker. En we prate mei fjouwer bern dy't in famyljelid ferlern ha oer de dea en rou.