Wâldrock 1994
Burgum makket him op foar it Wâldrockfestival. Op dit jierlikse heavymetalfestival wurdt topdrokte ferwachte. Yn de foarferkeap binne al mear as 2.500 kaartsjes ferkocht. Moarn wurde oer de 3.500 minsken ferwachte. De plysje hat fjouwer ekstra minsken ynset foar de dei, mar ferwachtet gjin problemen. Moarn komme de measte besikers, mar hjoed kamen de earste besikers al binnen en se bliuwe fannacht op de kamping by it festival. Der wurdt noch drok wurke oan de opbou fan it poadium en de organisaasje hat it ferskuorrende drok. It terrein liket wat lyts foar it oantal besikers dat ferwachte wurdt.