Wâldrock 2000
It Wâldrockfestival yn Burgum luts sa'n 8.000 minsken. Wâldrock hoecht wat de organisaasje oanbelanget ek net in massaal festival te wurden. Dêrmei hopet de organisaasje ûngelokken sa as op it Roskildefestival yn Denemarken ek foar te kommen. Lykas alle jierren mei ek dit jier in Fryske band it festival iepenje. Dit jier is dat de groep Artvist út Drachten. In groep dy't rap-metal mei wat hard-core der troch hinne spilet. Bot ferneamd binne se noch net, mar it sjocht der goed foar harren út. De organisaasje hat de hannen fol oan it festival foaral doe't bekend waard dat der op it Deenske rockfestival yn Roskilde acht minsken omkaam binne om't alle fans nei foaren stoarmen. In nachtmerje foar de Fryske organisaasje. De kâns dat op Wâldrock ûngelokken barre is folle lytser. Dat komt ek om't hjir minder minsken binne. De measten komme gewoan foar de gesellichheid. Dochs hat op Wâldrock de organisaasje al jierren in saneamde fangploech ynsetten. It ferbieden fan populêre groepen op festivals, sa't guon lannen oerweagje, hat neffens de organisaasje gjin doel.