De sniestoarm fan 1979
“It wiene fantastyske dagen troch de waarmte, solidariteit en de manier wêrop we funksjonearre koene. It wiene hiele moaie dagen,” sei Gryt van Duinen yn de dokumintêre oer de sniestoarm fan 1979. Net elkenien hie dizze gefoelens by de stoarm. Yn in koarte tiid wie it iepenbiere libben yn Fryslân folslein fersteurd en tal fan doarpen en stêden wiene dagenlang fan de bûtenwrâld ôfsletten. Dit soarge foar in spannende wike yn Fryslân mei tûzenen ferhalen dy’t fia Radio Fryslân de hiele wike útstjoerd waarden.