It teäter fan de Hear: oer de Betheltsjerke en dûmny Bottenbley

10 April 2005

Portret fan dûmny Orlando Bottenbley en syn baptistegemeente De Betheltsjerke yn Drachten. Trije kear sneins sitte der sa'n 2.000 minsken yn de tsjerke dy't gebrûk makket fan moderne techniken en popmuzyk. We sjogge by de (doop)tsjinst, mar ek achter de skermen: fan de parkearwacht oant de technyk en fan it koar oant de bernetsjinst. Bottenbley fertelt wêrom't syn tsjinten safolle mooglik minsken oansprekke. Tal fan leauwigen fertelle wat har sa yn de tsjinsten oansprekt. Oan de iene kant is it massaal, oan de oare kant binne der 'huiskringen' mei sa'n 15 minsken dy't gearkomme en saken beprate.