Jonge talintfolle sporters

20 Novimber 1994

Yn dit programma sjogge we trije jonge talintfolle sporters: Taekwondo-er Hendrikje Pijl (18) fan De Harkema, fuotballer Elmer Bruinsma (15) fan It Hearrenfean en tennisser Marcel van der Heide (18) út Ljouwert. Se kombinearje har sport mei skoalle, we sjogge by treningen en prater oer har ambysjes. Hendrikje hat de swarte bân en de earste dan, se jout les by bern en we sjogge by har eigen trening. Har doel is de bêste wurde fan Europa en dêrnei it WK winne. Elmer spile earst by De Gordyk en traint no by de Feansters, hy wol yn it earste komme en dan by Ajax of Barcelona spylje. Syn skoalle, burgemeester Harmsmaskoalle, hat in oanpast programma foar de sporters. Marcel wol proftennisser wurde mar moat ek syn eksamen helje.