Minskewurk 5: Dokter

13 Febrewaris 2001

We sjogge by it wurk fan ferskate dokters: in plastysk sjirurch yn MCL dy't bygelyks flapearen korrizjearret, mar ek yn Nigeria operaasjes docht. By in húsdokter op De Tynje dy't in soad ferskillende minsken sjocht yn syn praktyk en ek besites rydt. By in foetrefleksterapeut yn Koarnjum dy't klachten fia de foet ferhelpe kin en by in natuergenêskundige yn Drachten dy't oan de iris sjen kin wêr't ien lêst fan hat.