No Wy: Ayser út Irak

19 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering folgje we Gemma Jissink dy't foar de skoalkrante in reportaazje meitsje sil oer Ayser Al-Hadity. Hy komt út Irak en wennet mei syn famylje hast twa jier yn it asylsikerssintrum yn Snits. Se wachtsje op in ferbliuwsfergunning. De famylje is flechte om't se it net iens wienen mei it regear fan Saddam Hoessein. Ayser is hiel muzikaal en spilet yn twa bands. Gemma freget him nei syn libben earder en no. Hy seit dat se yn Irak jild hienen en in eigen hûs, wurk en auto, mar hy is leaver yn Nederlân om't it hjir feilich is.