No Wy: OSG Sevenwolden

25 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje learlingen fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean in programma 'Stilstean of trochgean' oer jeugkriminaliteit, fandalisme en softdrugs. Se prate mei minsken fan de Raad voor de Kinderbescherming, Justysje, GGZ Friesland en hâlde strjitynterviews mei jongerein.