Plysje ûnder fjoer

18 April 1994

We sjogge by it plysjekorps fan Achtkarspelen/Tytsjerksteradiel. Dat is nei de reorganisaasje fan 95 minsken nei de helte minder gien. Dat betsjut dat de plysje net op alle meldingen ôfgean kin en dat minsken soms lang wachtsje moatte. Dêr is noed oer. We folgje twa plysjes by har tsjinst, se komme fan alles tsjin, fan oerlêst, stellerij oant ûngelokken.