Reboelje, freonen yn de muzyk
Reboelje is in Frysktalige popgroep, se besteane sûnt 1987. Rommert Reitsma, Durk Hogendorp, Tsjerk Bootsma, Marius de Boer en Tiede Lanting fertelle oer it begjin en de muzyk. We sjogge tal fan optredens. Oaren komme oan it wurd oer de band lykas Eric Ennema, Beart Oosterhaven, Henk Westbroek en âld-manager Bert de Vries. De muzyk wurdt omskreaun as serieus en teatraal en de band siket ek nei nije mooglikheden om mei oare keunstfoarmen te wurkjen.