Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Beb Mulder en amateurtoneel

Spegels: Beb Mulder en amateurtoaniel

01 July 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: in portret oer dekôrbouer Beb Mulder en de foarstelling 'in bysûndere dei' fan amateurtoanielspilers.

Tritigers 0204: Wurk

Tritigers 0204: Wurk

30 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fjirde diel fan de twadde searje in reportaazje oer Jelte Groen. Hy wie 32 doe't er as beropsmilitêr nei Srebrenica gong dêr't er ien fan syn manlju ferlear.

Under Fjoer 0106 Agnes Kant (2)

Under Fjoer 0106 Agnes Kant (2)

16 April 2003

Yn dizze Under Fjoer diel 2 fan politika Agnes Kant fan de SP dy't ûnderfrege wurdt troch seis jongeren.