Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

7de klasse A 21: Tsjummearum - Dokkum & Blokzijl - Zeester

7de klasse A 21: Tsjummearum - Dokkum & Blokzijl - Zeester

12 Maaie 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Tsjummearum - Dokkum 0-2. Blokzijl - Zeester 8-1. Dêrom moat der in lêste duel spile wurde tusken Blokzijl en Dokkum op tiisdei 13 maaie yn Donkerbroek

Wurktiid TV: Wjirmekwekerij yn Wûns

Wurktiid TV: Wjirmekwekerij yn Wûns

11 Juny 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de wjirmekwekerij fan Sjouke Ype en Aukje Yntema yn Wûns, se dogge dat as twadde tak neist de feehâlderij.
Bêste kollega is plysjeman Robert van der Zwaag op It Hearrenfean. By Betalux yn Boalsert sykje se in meiwurker en der is wer in oprop foar wurk.

LTV_DE_FIIFSPRONG

De fiifsprong yn Ljouwert

02 April 1995

Tal strjitten kamen op de fiifsprong yn Ljouwert út, lykas de P.J. Troelstrawei en de Spanjaardsleane. It wie yn de oarloch in rike buert dêr't toskedokters wennen en Joadske ûndernimmers. Toskedokter Ruurd Rodenburg filme yn de oarloch wat op strjitte barde, dat die er stikem tusken de gerdinen troch. Hy filme kloften minsken dy't rinnende ûnderweis wienen nei it fleanfjild om dêr te wurkjen, Dútsers op strjitte en it opheljen fan de Joadske famylje De Jong. Net ien fan har oerlibbe de oarloch, sa docht bliken út ûndersyk yn it befolkingsregister.