Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV-Generaasjes-4-Mindert-en-BabsWijnstra

Generaasjes 4: Mindert en Babs Wijnstra

28 Maaie 2006

Mindert Wijnstra is ûnderwizer, berneboekeskriuwer en ferhaleferteller. Syn dochter Babs is yllustratrise en makket ek wurk foar de boeken fan har heit. Se die de keunstakademy en makket ek ferhalen en tekeningen foar it skoaltelefyzjeprogramma It Boskwyfke. Se komme fan Warns, flakby de Iselmarkust dy't beide ynspiraasje jout. We sjogge Mindert as ferhaleferteller yn aksje en Babs achter de tekentafel. Om't Mindert oan in ienmansskoalle stiet, hat er syn dochter seis jier lang yn de klasse hân. Se fertelle oer har gearwurking en de humor yn it wurk.

LTV_Fjouwer-warskogings-fan-de-dea-oer-Fryske-folksferhalen_WR

Fjouwer warskôgings fan de dea: oer Fryske folksferhalen

20 Jannewaris 2008

By it Meertens Instituut yn Amsterdam wurde in hiel soad folksferhalen bewarre. In grut part fan de Fryske ferhalen is sammele troch Dam Jaarsma en Ype Poortinga, dy't ek lûdsopnamen makke. We hearre oer dy ferhalen troch Jurjen van der Kooi fan de RUG en sjogge argyfbylden fan Poortinga yn 1973 mei twa fertellers Roel Piters de Jong en Steven de Bruin. Ferhaleferteller Douwe Kootstra nimt ús mei yn in spannend ferhaal.

OEROL_1999_REPO

Reportaazjes Oerol 1999

10 Juny 1999

Reportaazjes út de programma's Hjoed en Boppedat oer it festival Oerol 1999 op Skylge. 10/6: Oerol-besikers soene foar 10 oant 15 persint fan de omset fan de toeriste-yndustry op Skylge soargje. 12/6: Lyryske reaksjes op it iepeningsstik Peer Gynt troch Tryater. 17/6: Schuurtjestheater mei Kris Niklison. 30/6: Krityk op lokaasjeteater fanwege de skea oan de natuer.