Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_NYNKE_HICHTUM_NL_250301_WR

Skriuwerslibben: Nynke fan Hichtum

25 Maart 2001

Portret fan Nynke fan Hichtum, pseudonym fan Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer, berneboekeskriuwster en oant de skieding frou fan Piter Jelles Troelstra. Der is noch altyd in soad belangstelling foar har, der is in roman en biografy ferskynd, in tentoanstelling en in film. Filmmakker Pieter Verhoeff, biograaf Aukje Holtrop en FLMD-direkteur en skriuwster Tineke Steenmeijer-Wielenga beljochtsje libben en wurk fan de frou dy't libbe fan 1860 oant 1939.

OEROL_2000_REPO

Reportaazjes Oerol 2000

16 Juny 2000

Reportaazjes út it programma Hjoed oer it festival Oerol 2000 op Skylge. 16/6: Joop Mulder rydt oer it hiele eilân foar de lêste tariedings. 17/6: de grins fan it tal besikers fan Oerol is berikt.

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

Hjoed: Hûneshow 13 april 1998

13 April 1998

Topdrokte hjoed by de Peaskehûneshow yn it FEC. Ekstra kassa's wiene der nedich om de tûzenen besikers oan te kinnen. Nei in oere wiene der al 7.000 minsken om de 2650 hûnen te besjen. De 32e ynternasjonale tentoanstelling wurdt hâlden yn de trije nije hallen fan it FEC. Meinamme foar de demonstraasje fan de plysjehûnen wie in protte belangstelling.