Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_KEUNST_FAN_IT_WENJEN_2

De keunst fan it wenjen

28 Maart 1992

Hieltyd mear partikulieren wolle sels in frijsteand hûs bouwe. Op de wenbeurs hearre we wat minsken sykje en moai fine. Makelers, projektûntwikkelers en oannimmers wolle it wurk graach dwaan, mar arsjitekten binne net bliid mei dizze ûntjouwing. Minsken assosjearje arsjitektuer faak mei nuver, djoer en útwrydsk mar dat hoecht net. In arsjitekt sjocht ek nei de omjouwing. We sjogge ek by in tal hûzen, ûnder oare yn Wiuwert, De Wylgen en Fûns en it plan foar it Troelstrapark yn Ljouwert mei kubusachtige wenningen.

LTV_FROULJU_HA_DE_FOARGONG

Froulju ha de foargong

24 April 1994

Yn dit programma sjogge we trije portretten fan trije froulju yn de tsjerklike wrâld. Alie de Lange is pastor yn de katolike Bonifatiustsjerke yn Ljouwert, Rieny de Ruiter is Heilsoldate (Leger des Heils) yn Harns en Corry Nicolay is dûmny yn de herfoarme gemeente Arum/Kimswert. We sjogge de froulju oan it foargean yn de gemeente yn de mis/tsjinst en se fertelle oer har ropping en missy.

Hjoed: ynfiering fan de euro

Hjoed: ynfiering fan de euro

01 Jannewaris 2002

Hast oardel miljoen Nederlanners hawwe op 'e earste dei fan it nije jier euro's út in pinautomaat helle. Dat hat Interpay, de organisaasje dy't it elektronyske betellingsferkear regelet, bekendmakke. De Friesland Bank wie hjoed ien fan 'e lêste banken dy't har pinautomaten klearmakken foar it brûken fan 'e euro. Sân ploegen makke yn de Fryske filialen 77 automaten ree foar de euro.