Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Skriuwers yn byld: Hylkje Goïnga

Skriuwers yn byld: Hylkje Goïnga

17 Juny 1990

Hylkje Goïnga (1930- 2001) is benammen bekend wurden mei har koarte ferhalen dy't hiel populêr wienen. Se skreau benammen oer de man-frou relaasje. Se hat jierren yn de redaksje fan De Strikel sitten. Se fertelt oan Geart de Vries it ien en oar en we sjogge har by in optreden dêr't se by foarlêst.

LTV_MERKEFAMYLJES2_2

Merkefamyljes, diel twa

03 Maaie 1992

Yn twa dokumintêres ha we omtinken foar merkefamyljes dy't earder troch Fryslân reizgen. Yn dit diel komt de jongere generaasje oan it wurd. Soannen en dochters nimme de attraksje fan har âlden oer. It sit yn it bloed, en is in manier fan libjen. Dy attraksjes moatte ek mei de tiid meigean, sa is it reuzerêd en de achtbaan nij. Mar de oaljekoekekream bliuwt bestean. We sjogge ek by it ferpachtsjen foar de merke by de Snitswike en wat dogge de merkeminsken winterdeis?

Sjoch mar: C's fuotbal

Sjoch mar: C's fuotbal

06 Oktober 1997

It is in Fryske derby: de C's fan Cambuur tsjin de C's fan Hearrenfean. Mar libbet dizze derby wol ûnder de Friezen? Ferslachjouwer Arjen de Boer siket it út.