Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

IENOPIEN_260105_INGRID_RIJNA_WR

Ien op ien: Ingrid Wagenaar / Rijna Nijboer

26 Jannewaris 2005

Sjoernalist Ingrid Wagenaar praat mei Rijna Nijboer. Se hat net lang mear te libjen, se hat boarstkanker. It petear giet oer de dea en hoe fierder te libjen mei dizze ynformaasje. Se fertelt ek dat se in kleed makket foar har bern.

DOMYN_FAATS

Myn Domyn: Pencak Silatsporters Gwen en Gianna Faats

12 Oktober 2005

Portret fan de twilling Gwen en Gianna Faats. Se binne 16 jier en wenje yn Stiens. Alles giet oan 'e kant foar har fjochtsport Pencak Silat. Se hawwe al meardere kearen Nederlânsk kampioen west yn de gewichtsklasse 60 en 65 kilogram. Har trainer is George Frederiksz, dy't de iennige sportskoalle foar Pencak Silat yn Fryslân hat. De heit komt ek te praat oer it fanatisme fan syn dochters. En fansels de twilling sels. We sjogge by de prizekast thús, op de training en by wedstriden.

ABD-sjoo 0109

ABD-sjoo 0109

04 Juny 2002

Yn de njoggende en lêste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Menno van Coehoornskoalle út Ljouwert en de Van Kleffensskoalle fan It Hearrenfean it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we allegear gebouwen: útkyktoer Belvédère by Oranjewâld, Hooglandgemaal by Starum, stedhûs yn Boalsert, Poptaslot yn Marsum en Crystalic yn Ljouwert. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).