Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Hûneshow 1 april 2002

Hjoed: Hûneshow 1 april 2002

01 April 2002

De ynternasjonale hûneshow lûkt hieltyd minder hûnen. Dit jier diene der 2100 hûnen mei, yn 1999 wiene dat der noch 2600. In lanlike tendins dy't ek yn Fryslân te fernimmen is. Nettsjinsteande it legere tal hûnen kamen der tûzenen minsken ôf op dizze 35e hûneshow yn it FEC yn Ljouwert. Dit jier mei in Fryske primeur: it "Doggy Dancing".

LTV_MINSKELIBBEN_11_RIEK_LANDMAN_270200_WR

In Minskelibben: Riek Landman

27 Febrewaris 2000

Gryt van Duinen praat mei skriuwster Riek Landman. Se is yn Drachten berne en die de kweekskoalle. Se fertelt oer har wurk en libben. Se spile toaniel by it selskip fan Tetman de Vries en stie mei oan de widze fan Tryater. Ek skreau se tal fan boeken.

LTV_SASEACH_8_BOUD_SMIT

Sa seach ik Fryslân 8: Boud Smit

29 Maaie 1994

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel acht Boud Smit. Hy makke films mei Fryslân as dekôr en as ûnderwerp. Hy kaam mei it Frysk yn de kunde nei it lêzen fan ''De smearlappen' fan Anne Wadman en hie it idee om dat boek te ferfilmjen, mar dat is der net fan kaam. We sjogge fragminten fan syn films, lykas de koarte film 'Eltse dei opnij' (1970) dy't er makke om de molkestaking yn de Twadde Wrâldoarloch te betinken.