Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

BOPPESLACH280507_WR

Boppeslach: Wolvegea - Ljouwert 2007

28 Maaie 2007

Yn maaie 2007 troffen de fuotbalteams fan Wolvegea en Ljouwert inoar op it sportpark fan GAVC yn Grou, foar de beslissingswedstryd dy't útmeitsje moast hokker ploech it folgjende seizoen promovearre nei de earste klasse snein.

7de klasse A 14: Lions 66 - Tsjummearum

7de klasse A 14: Lions 66 - Tsjummearum

10 Maart 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Lions 66 (Ljouwert) - Tsjummearum 0-7. Beide ploegen ha in hiel soad blessueres.

Wurktiid TV: Ergoterapy

Wurktiid TV: Ergoterapy

23 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer ergoterapy. Der is in tekoart en dêrom ha 17 minsken in koarte kursus folge by Revalidatie Friesland om minsken mei in handicap te learen selsstannich te wêzen by deistige saken. Bêste kollega is banepooler Sietse Douma fan Makkum, hy wurket by it gemeentlike stoart. By recyclebedriuw Oldenburg yn Ljouwert sykje se nij personiel en ien docht wer in oprop foar wurk.