Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Doarpendebat_doku_WR

Speure nei it DNA fan doarpen

02 Oktober 2005

Om te sjen hoe't doarpen groeie kinne mei each te hâlden foar karakter en lânskip wurde Easterlittens as terpdoarp yn Littenseradiel en Aldegea as feartdoarp yn Wymbritseradiel neier ûndersocht. Bewenners sette belangrike plakken op de foto en ferskate saakkundigen, lykas arsjitekt Gunnar Daan, lânskipsarsjitekt Els van der Laan en arsjitektuerhistoarikus Peter Karstkarel, litte har ljocht der ek oer skine.

LTV_Portret_Tjibbe_Hooghiemstra

'Ierske notysjes': Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân

27 Juny 2022

Portret fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân. Hy komt der al jierren en we sjogge him no by syn ferbliuw yn Annaghmakerrig, wat er syn 'trainingskamp' neamt. De natuer, it lân en de kultuer ynspirearje him. Hy fertelt oer syn wurk en wat Ierlân foar him betsjut. Hy jout der ek les oan de keunstakademy en hat ek lesjûn oan IRA-terroristen yn de finzenis. In galeryhâlder is entûsjast oer it wurk.

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

29 Oktober 2003

Programmamakker Annet Huisman freget har ôf hoe't de minsken fan de Frijheidswyk sels har buert belibje. De Ljouwerter wyk is de lêste tiid tige negatyf yn it nijs. In sjitpartij by it winkelsintrum, in stekpartij yn supermerk mei in skroevedraaier. De eigener fan dizze winkel slút letter de saak. Se praat mei in hiel soad bewenners. De wyk is 'stedsfernijingsgebiet': yn de kommende jierren wurdt de buert flink fernijd of renovearre. Sokke prosessen geane altyd traach en it gefaar driget dat yn dy tuskentiid de problemen earder grutter as lytser wurde.