Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Portret-Shakey-Sam_WR

Shakey Sam. De wite blues fan Simon Vlietstra

07 Maaie 2006

Portret fan Simon Vlietstra, alias Shakey Sam, de iennige Fryske bluesartyst. 25 Jier nei syn selskeazen dea wurdt er eare mei in tribute. Freonen, famylje (broer, mem, soan), kollega's en bandleden sjogge werom en fertelle oer har bân mei de sjonger en mûlharpspiler. Syn artystenamme ûntstie om't er altyd senuwachtich wie. Hy bruts lanlik troch en siet by de band Barrelhouse. Nei in drege jeugd (út hûs pleatst) kaam er yn de kunde mei de blues fan Cuby and The Blizzards. It wie net in maklik man, mar wol earlik mei 'zeggingskracht' yn syn muzyk.

LTV_DEGONGMAKKERS_WR

De gongmakkers; oer útfiners

12 Desimber 2004

We sjogge by fjouwer ferskillende 'gongmakkers', útfiner, technysk ûntwerper, kreatyf techniker of toch in 'Willie Wortel'. Mei in technyske achtergrûn betinke se allerhanne saken dy't ek brûkt wurde yn de yndustry of soarch. Bearnd Hylkema hat in alternatyf foar de sweeftrein, Sjoerd Meijer betinkt oplossingen yn de meganika, Rien Poortvliet besiket aaien te sieden yn de magnetron en Libbe Jonkman ûntwerpt ynstruminten foar de soarch.

LTV_BRADA_141203_WR

De ûndergong fan Brada

14 Desimber 2003

De grutte slachterij Brada yn Ljouwert wie in begryp: kij gienen net nei de slachter, nee kij gienen nei Brada. Oait begûn yn de Lytse Tsjerkestjitte ferhuze it famyljebedriuw yn de jierren tritich nei de Snekertrekweg. Dêr fertelt Benno Brada, sechsde generaasje, oer de skiednis fan it bedriuw en de úteinlike ferkeap oan slachter Aaldert Wildeboer út Hollandscheveld. Skulden en de tongblierkrisis makken in ein oan Brada. Ald-wurknimmers komme oan it wurd en we sjogge op it bedriuw, noch yn aksje en no't it leech is. Ek feehanneler Bonne Speerstra komt oan it wurd.