Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0707

Sybe Satellyt 0707

11 April 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Herman Vos dy't mei bern fuortsmiten rommel oprêdt yn de reiden lâns it kanaal. Se bringe it guod dêrnei nei it stoart. Fierder sjocht er by de sânbulten dy't brûkt wurde foar de oanlis fan diken. It giet ek oer kompostearjen en Sake Roodbergen fertelt oer stinzeplanten.

LTV-Duorsume-Enerzjy_WR

Duorsume enerzjy

26 Maart 2006

Oer net al te lange tiid reitsje de fossile brânstoffen op, dus wurdt sjoen nei alternativen lykas wyn- en sinne-enerzjy. Oerheden sille dat oppakke moatte, Twadde Keamerlid Diederik Samsom komt oan it wurd, lykas deputearre Bertus Mulder en wethâlder Marga Waanders en miljeudeskundige Bouwe de Boer. We sjogge by bedriuwen dy't sykje nei oare foarmen om enerzjy op te wekken, lykas by Nij Bosma Zathe (út keunstdong) en by Wetsus (út oergong fan sâlt nei swiet wetter) en by frachtweinen dy't op koalsiedoalje ride. Ek heechlearaar duorsume technology Wubbo Ockels komt oan it wurd.

LTV_TWARRES_281203_WR

Noch ienris Twarres

28 Desimber 2003

Mirjam Timmer en Johan van der Veen út Wergea skoare mei 'Wêr bisto?' de earste Frysktalige nûmer 1 yn Nederlân. It duo dat bekend waard as publykswinner fan sjongfestival Liet hâldt op. Mei ferskillende minsken út de muzwykwrâld sjogge we werom op it duo dat begûn op talintejachten. Nei de hit folge lanlike bekendheid, in klip, platekontrakt, toernee, twadde cd en teätertoernee.